Drompels De Trije gean derút

De fernijde sporthal De Trije (foto: Omrop Fryslân)
De drompels yn it nije diel fan sporthal De Trije yn Frjentsjer wurde fuorthelle. Fierders wurdt ek besjoen oft de tribunes fêstset wurde kinne. De gemeente Frjentsjerteradiel komt ta dat beslút nei klachten. Sa koene de gongen net goed skjinmakke wurde, om't de skrobmasines net oer de drompels koene. Dat kostet de gemeente jild foar ekstra skjinmakkers.
Sportferienings fine dat by de bou fan de hal gjin rekken hâlden is mei harren winsken.