Strân It Amelân skjin

19 maaie 2011 - 16:41

De strannen fan Bueren, Nes en Hollum op It Amelân hawwe dit jier wer de Blauwe Flagge krige. Dy stiet symboal foar dat de strannen skjin en feilich binne neffens ynternasjonale noarmen. It giet dan bygelyks om skjin wetter, dat de sanitêre foarsjennings skjin en netsjes binne en dat de feiligens goed yn de gaten hâlden wurdt.

It Amelân is de iennichste kustgemeente yn Fryslân dêr't blauwe flaggen útdield binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)