Skoalmaster mei berneporno

19 maaie 2011 - 13:38

In 31-jierrige master fan basisskoalle Lytse Wiman yn Twizel is oanhâlden foar it yn besit hawwen en fersprieden fan berneporno. De ynwenner fan Bûtenpost hat twa wike fêstsitten, mar hy is no wer frij.

De plysje kaam de man op it spoar troch in ynternasjonaal ûndersyk nei berneporno. Op syn kompjûter fûn de plysje in hiel soad berneporno. It liket derop dat de skoalmaster sels gjin foto's en filmkes makke hat of bern misbrûkt hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)