Stek tsjin selsdeaders spoar

19 maaie 2011 - 12:34

ProRail set op ferskate plakken yn Fryslân stekken en skrikkamera's del tsjin selsdeading. Yn Nederlân springe alle jierren likernôch 185 minsken foar de trein. Dat is 12 prosint fan alle selsdeadings yn dy perioade. Der komme fierders ek buorden op de risikoplakken. Dêrop kinne minsken sjen wêr't help te krijen is yn needgefallen.

Wêr't de risikoplakken yn Fryslân krekt binne, wol ProRail net sizze. Dat soe minsken op ideeën bringe kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)