Oanmelde foar buskonsesjes

It busstasjon yn Ljouwert (foto: Omrop Fryslân)
Iepenbier-ferfiers-bedriuwen kinne harren oanmelde foar de regio's Noard- en Súdwest-Fryslân, de stêd Ljouwert, Skiermûntseach en de bus Grins-It Hearrenfean-Lelystêd. De provinsje is begûn mei de oanbesteging foar de nije konsesje. Dy giet ein takom jier yn en rint tsien jier. De provinsje hat in list fan betingsten opsteld dêr't it bedriuw oan foldwaan moat. Nei alle gedachten wurdt yn maart takom jier bekend hokker bedriuw it kriget.