Tik op de fingers om REC

18 maaie 2011 - 19:36

Omrin krijt in tik op de fingers foar it te let ynformearjen fan de provinsje oer in ynsidint dêr't op 7 april twa minsken net goed by waarden. Dat sei deputearre Sjoerd Galema woansdei op de spesjale gearkomste om de steaten te ynformearjen oer de stân fan saken oangeande de oven. Wol seit hy dat de folkssûnens net yn gefaar west hat.

De oven stillizze lykas de Harnzer polityk en in part fan de steaten wol, sit der lykwols net yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)