Fytspaad yn Surhuzum iepene

18 maaie 2011 - 17:15

Yn Surhuzum is woansdei in nij fytspaad iepene troch wethâlder Jan Lammers fan Achtkarspelen. It paad rint fan it Langfal nei it Lanpaed.

It hat lang duorre foar't it fytspaad klear wie. Dat kaam om't de grûn kocht wurde moast. Trochdat dit benammen ôfhinklik wie fan frijwillige kavelruil fan boeren hat dat proses wat langer duorre as yn it foar tocht wie. It fytspaad hat de namme Pûsterpaad krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)