Fuotbalfroulju sykje publyk

It frouljusteam fan SC Hearrenfean spilet sneon de bekerfinale tsjin AZ. De spylsters moatte der sels foar soargje dat Abe Lenstrastadion fol komt. Der binne noch mar 750 kaarten ferkocht. De klup hopet eins op goed tsientûzen minsken.
De spylsters binne dizze wike op paad om te flyerjen. Dat diene se woansdei by de iepening fan in fuotbalkoai foar de jeugd fan de Lemmerweg-West yn Snits. De fuotbalfroulju hiene har leaver taret op it fuotbaljen sels.