Stroetinga wint rit yn O. T.

Wim Stroetinga (foto: Rudie Ottens)
Hurdfytser Wim Stroetinga fan Aldeberkeap hat woansdei de twadde etappe fan Olympia's Tour wûn. Dat is de belangrykste rittekoers foar topamateurs yn Nederlân.
De twadde etappe gie oer 202 kilometer fan Noardwyk nei Olst. Foar Stroetinga is de oerwinning in moaie opstekker. Hy hat in drege tiid achter de rêch mei in brutsen skouderbonke en problemen om in ploech te finen. Der komme noch fjouwer etappes. De etappekoers einiget sneon yn Limboarch.