Sulver foar strân It Amelân

18 maaie 2011 - 15:49

It strân fan It Amelân hat in sulveren beoardieling krigen by de QualityCoast Awards. Dizze prizen wurde sûnt 2007 troch in ynternasjonale sjuery útrikt oan kustplakken dy't har bot ynsette foar duorsum toerisme. De gouden status is foar strannen yn Seelân. De oare Fryske eilannen ha allegeare in brûnzen ûnderskieding krigen. De organisaasje hopet dat de prizen mear dúdlikheid jouwe oer de swakke en sterke punten fan de strannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)