Oplade foar elektryske auto

18 maaie 2011 - 15:05
  • (argyffoto)

Yn de gemeente Súdwest Fryslân komme njoggen oplaadpunten foar elektryske auto's. Fjouwer dêrfan komme by de grutste parkearterreinen yn Snits. De oaren yn Makkum, Warkum, Heech, Starum en Boalsert.

De oplaadpunten wurde der delset, ûnderhâlden en betelle troch de stifting e-laad.nl. Dy stifting wurket oan in netwurk fan iepenbiere laadpeallen yn hiel Nederlân. Betingst is dat eigners fan elektryske auto's der fergees gebrûk fan meitsje meie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)