Jild foar bedriuweterrein

Bedriuweterrein Tolhúswei-Vegelinswei op 'e Jouwer wurdt foar oardel miljoen euro opknapt. Alteast at de gemeente Skarsterlân mei in goed plan komt. It bedriuweterrein fertutearzet al jierren, mar der wie gjin jild om op te knappen.
De provinsje hat no in spesjaal potsje beskikber foar herstruktearring fan âlde bedriuweterreinen. Foar De Jouwer soe dat in bedrach fan 750.000 euro betsjutte, mar dan moat de gemeente wol gau mei in plan komme.