Fluch ynternet foar elkenien

18 maaie 2011 - 12:00

Alle Friezen moatte yn 2017 fluch ynternet ha. Dat is it stribjen fan de provinsje, dy't der tusken de 50 en 100 miljoen euro yn ynvestearret. De kommende jierren geane tûzenen kilometers glêsfezel de grûn yn.

De provinsje set dêrfoar in eigen netwurkbedriuw op, dêr't ek ynternetoanbieders as KPN, Ziggo en UPC yn meidogge. No sit likernôch 30 prosint fan de Friezen op it flugge ynternet. Foaral op it plattelân binne noch in soad trage ferbiningen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)