'Hierferheging net nedich'

Der is gjin reden om de hier fan wenningen te ferheegjen. Dat seit direkteur Kooiker fan WoonFriesland. Hy reagearret op it plan fan minister Donner. Dy wol dat korporaasjes nije hierders maksimaal 125 euro yn de moanne ekstra betelje.
Mei dit plan soe wat oan 'skeefwenjen' dien wurde, it ferskynsel dat minsken in hûs hiere wylst se eins wol keapje kinne. Soks spilet yn Fryslân kwalik. Boppedat kinne Fryske hierders sa'n ferheging net opbringe neffens Kooiker.