Ynslûper bedriget man mei dea

Yn Frjentsjer is tiisdeitenacht in man (42) út dat plak oanhâlden fanwege poging ta deaslach. Hy waard betrape troch in bewenner fan It Ankerplak, doe't de fertochte om it hûs fan dy man hinne skarrele en fia de túndoar deryn gie. Doe't er him oanspruts, bedrige de fertochte him mei de dea.
De bewenner koe de man út 'e hûs krije, mar dy sloech doe mei in izeren staaf in rút stikken. Dêrnei naaide er út. De plysje koe him dêrnei oanhâlde en meinimme nei it buro.