Auto keard fan plein Wolvegea

Makette fan de nije ynrjochting
Auto's moatte tenei keard wurde fan it Centrumplein fan Wolvegea. De hoareka moat in 'terraseilân' op it plein krije, sadat it in smûk plein wurdt dêr't jo noflik even sitte kinne.
In nij ûntwerp foar it plan fan Atelier Fryslân is tiisdei oan bewenners en ûndernimmers fan it plein presintearre. Neffens de gemeente wiene de reaksjes posityf. Ein septimber moat de werynrjochting al úteinsette.