Nije filla oan leane Mantgum

17 maaie 2011 - 20:26

Yn de âlde kearn fan Mantgum wurdt in filla boud dy't yn boustyl oerienkomme moat mei de monumintale huzen fan it doarp. Yn de nij te bouwen filla komme acht senioarewenten. It gebou komt op it parkearplak fan it âlde gemeentehûs oan de Seerp van Galemawei.

Wenningboukorporaasje Elkien soe in plan betinke foar nijbou op it parkearplak, mar luts him werom. Boubedriuw Lont hat no in gebou tekene mei deselde klassisistyske kenmerken as de monumintale filla's oan de leane.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)