See-earnen Lauwersmar ha jong

17 maaie 2011 - 16:17

De see-earnen fan 'e Lauwersmar hawwe in jong. In spesjale ferkenningsflucht hat dat tiisdei dúdlik makke. It is foar it earst dat der see-earnen yn it gebiet briede. It jonge pearke besocht ferline jier al in nêst te meitsjen, mar dat mislearre doe.

In wike lyn wie oan it gedrach fan de see-earnen al te sjen dat der in aai útkaam wie. Omdat Steatsboskbehear dêr wis fan wêze woe, is der tiisdei mei in fleantúch op 150 meter hichte oer it nêst flein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)