Eilannen wolle mear toeristen

17 maaie 2011 - 12:08

Teksel, Flylân, Skylge, It Amelân en Skiermûntseach sille gearwurkje om mear toeristen te lûken. Yn plak fan alle fiif in eigen kampanje, wurdt no begûn mei ien grutte kampanje. Folslein mei tv-spotsjes, abry- en bumperstikkers. Sa moat it tal toeristen alle jierren mei 3 prosint tanimme, fral yn foar- en neiseizoen.

De kampanje rjochtet 'm op ynwenners fan Midden- en Súd-Nederlân, want dy witte de eilannen noch net echt te finen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)