De Fûgelhelling hat it drok
Der is op it stuit topdrokte by de Fûgelheling yn Oerterp. Yn hast fjirtjin dagen tiid binne hast alle opfangmooglikheden dêr fol rekke. It giet benammen om jonge fûgels en bisten dy't binnenbrocht wurde.
It giet dan meast om einen, mar ek om dowen, protters en swarte lysters. Ek hat de Fûgelhelling in jonge stienûle krigen, dy't by minsken út de skoarstien helle is.