Limor: kliïnten gau út opfang

Opfangorganisaasje Limor en de wenkorporaasjes Accolade en De Wieren sille gearwurkje sadat minsken earder út de krisisopfang yn Snits kinne. Kliïnten sitte no yn trochsneed tsien moanne yn de krisisopfang en dat is neffens Limor fierstente lang.
De opfang is foar minsken dy't yn in krisissituaasje sitte en fuortendaliks ûnderdak nedich ha. De krisisopfang bestiet út in kompleks fan tolve apparteminten. It doel is dat minsken wer earder nei in eigen wente geane.