30 jier sân út Iselmar helje

17 maaie 2011 - 10:43

In bedriuw yn Limboarch krijt nei alle gedachten in konsesje om 30 jier lang sân te winnen út de Iselmar. De Koninklijke Smals Beheer BV út Herten tekenet woansdei in oerienkomst mei de gemeente Gaasterlân-Sleat.

De gemeente seit ta dat it bestemmingsplan feroare wurde sil om sânwinning mooglik te meitsjen. Dêrnei moat der noch fan alles regele wurde op it mêd fan fergunnings. De Iselmar falt ûnder de Natura-2000, mar neffens Smals sil de natuer gjin skea ûnderfine.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)