Boalsert: stroomkabels stellen

17 maaie 2011 - 10:04

Fan it bouplak Hartwerterfeart by Boalsert is in grutte partij stroomkabels stellen. It giet om mei-inoar 4,5 kilometer kabel. In man út Drachten hat hjirfan oanjefte dien by de plysje.

It ôfrûne wykein is op de Ugoleane itselde bard: dêr giet it om fjirtich stroomkabels fan tritich meter. Ek yn Warkum binne kabels meinommen, sa'n 30 meter, út in boulift op de Merk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)