Hoe sûn binne de 65-plussers

Soarchfersekerder De Friesland wol in ûndersyk ûnder alle 65-plussers yn de provinsje hâlde. De húsdokters wurde frege om, tsjin in fergoeding, alle 65+ynwenners yn de praktyk yn kaart te bringen.
Doel is om de sûnensproblemen by de âlderein op tiid op te spoaren en oan te pakken. Dat is neffens De Friesland better foar de 65-plussers, de preemjebetellers en it is ek better foar de soarfersekerder, want sûne minsken binne goedkeaper.