Gemeente wol Gastronoom hâlde

It Havenmantsje oan de haven fan Harns
De gemeente Harns is it net iens mei eigner Poldervaart fan restaurant de Gastronoom dat der gjin takomst is foar syn saak yn Harns. Moandei makke Poldervaart bekend dat er fuortdaliks de doarren fan syn restaurant ticht docht, omdat de gemeente net meiwurkje wol oan de plannen foar syn restaurant yn It Havenmantsje.
Neffens wethâlder Maria LeRoy fan Harns moat de gemeenteried noch beslute oer it bestimmingsplan dêr't de ferbouplannen ûnderdiel fan binne.