Fryske Anjerkollekte wer los
Kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma hat moandei it startskot fan de Anjerkollekte jûn troch sels mei in kollektebus by de doarren lâns te gean. It Pasveerkorps soarge foar de muzikale begelieding. De opbringst wurdt brûkt foar kultuer- en natuerbehâld. Der wiene ferline jier 400 Fryske oanfragen foar subsydzje en der is 300.000 euro útkeard.
Foar Fryslân rint dit fia de ôfdieling fan it Prins Bernhard Cultuurfonds, dêr't Jorritsma foarsitter fan is.