Weening fol goede moed yn Giro

It is earst even dien mei de tútsjes.....
Pieter Weening giet tiisdei nei in rêstdei wer as gewoan lid fan it peloton fan start yn de Ronde fan Italië. Nei fjouwer dagen yn it rôze rekke Weening snein de liedertrui kwyt oan de grutte favoryt Alberto Contador en dêr hat de Harrekyt wol frede mei. De dagen yn it rôze wiene prachtich, mar ek slopend troch alle bykommende ferplichtings. Weening fielt him lykwols noch hieltyd fit en wol de kommende wiken dan ek noch wol wat sjen litte.