CdK-penning foar Piet Adema

In CdK-penning foar Piet Adema
Ald-deputearre Piet Adema hat moandeitejûn fan de kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma in CdK-penning krigen. Adema krige de penning by syn ôfskied fan deputearre steaten. Neffens Jorritsma hat Adema de penning fertsjinne, omdat er fjouwer jier in entûsjaste, belutsen en kollegiale ynset as deputearre toand hat.
De CdK-penning is in ûnderskieding dêr't de kommissaris syn wurdearring mei útsprekt foar minsken dy't harren ynspanne foar Fryslân.