Poppen Sietske H. net yn grêf

De lykjes fan de fjouwer poppen fan Sietske H. út Nij Beets wurde foarearst noch net begroeven. Dat hat it Iepenbier Ministearje moandei bekend makke.
De begraffenis kin net earder plakfine as nei de earste sitting yn it heger berop dat yntsjinne is. Oant dy tiid kinne der nammentlik noch ûndersyksfragen steld wurde. Wannear't de earste rezjysitting wêze sil, is noch net bekend.