Rein te let foar greidefûgels

In skries yn de greide
De rein komt te let om it briedseizoen fan greidefûgels te rêden, benammen foar fûgels dy't op lân sitte mei in leech of in normaal wetterpeil. Dat seit ûndersiker Jos Hooijmeijer fan de Ryksuniversiteit Grins. Hy sjocht foaral nei skriezen.
Greidefûgels yn gebieten dy't dêr spesjaal foar ynrjochte binne mei in heech wetterpeil hawwe eins gjin lêst fan de droechte. De fûgels dy't Hooijemeijer fangt yn geskikte greiden binne yn goede kondysje.