Nij sintrum by Woudagemaal

16 maaie 2011 - 16:05

By it Woudagemaal wurdt drok wurke oan in nij besikerssintrum. It gemaal by De Lemmer is it iennige stoomgemaal fan de wrâld dat noch yn wurking is. It stiet sûnt 1998 op de UNESCO- Wrâlderfguodlist. Alle jierren komme der likêrnôch 10.000 besikers op it stoomgemaal ôf. Sy wurde no noch ûntfongen yn in boukeet.

It nije besikerssintrum moat yn oktober klear wêze. It kostet 3 miljoen euro. It ûntwerp is futuristysk te neamen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)