Snorfytser mei mes en drugs

16 maaie 2011 - 09:58

De plysje hat sneintenacht yn Drachten in man fan 19 jier út De Jouwer oanhâlden. De man ried op De Splitting op in snorfyts, dêr't it ljocht it net fan die. Hy koe him net identifisearje en hie ek gjin rydbewiis.

Doe't de plysje de snorfyts yn beslach nimme woe, waard de Jouster lilk. Hy wraksele bot tsjin doe't er mei moast nei it plysjeburo. By fûllearring die ek nochris bliken dat er harddrugs en in flintermes by him hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)