Priis foar Ljouwerter bakker

16 maaie 2011 - 09:50

Bakkerij Van der Kloet yn Ljouwert hat sneon in bakkersstjer krigen. Fan alle 1800 bakkersbedriuwen yn Nederlân makken 71 gading oan in stjer. Van der Kloet wie de iennige bakker yn Fryslân dy't in stjer krige hat.

De bakkersstjerren binne te fergelykjen mei de Michelinstjerren foar restaurants. De bakkerijen binne net allinnich beoardiele op de produkten, mar ek op de winkel en de ynterne organisaasje. Van der Kloet sit oan de Wagnerstrjitte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)