Harnzer krijt lintsje

16 maaie 2011 - 07:52

De 65-jierrige Herman Brandsma út Harns hat snein út hannen fan boargemaster Scheffer in keninklike ûnderskieding krigen. Brandsma waard beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje Nassau. De Harnzer is ien fan de grûnlizzers fan de sjarterfeart mei tradisjonele skippen. Yn 1979 sette er de Zeilvloot Harlingen op en yn 1991 de Verenigde Bruine Zeilvaart Harlingen. Sûnt 1994 organisearret Brandsma de Brandarisrace fan Harns nei Skylge.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)