Hearrenfean spilet lyk mei 0-0

Ron Jans
Sportklup Hearrenfean hat in teloarstellend seizoen snein ôfsletten mei in 0-0 lykspul tsjin Roda JC. Yn Limboarch hiene beide teams in soad kânsen, mar de foarhoeden wiene net skerp genôch. Hearrenfean einiget mei 41 punten op in tolfde plak.
Keeper Brian Vandenbussche stie nei in lang skoft wer ûnder latte. De Belch hie ôfrûne seizoen lêst fan in blessuere. Trainer Ron Jans liet Tobias Kainz en Quenten Martinus debutearje yn it earste alvetal.