Knetterjend wapen yn Drachten

15 maaie 2011 - 15:46

In 36-jierrige man út Wynjewâld is sneontenacht yn Drachten oppakt foar ferbean wapenbesit. Surveillearjende plysjes hearden persoanen razen en doe't se yn de buert kamen, in knetterjend lûd. Dêr stie in groepke fan fjouwer. Dy waarden allegearre fûlleard. Dêrby fûn de plysje in stroomstjitwapen dat op in mobile telefoan liket.

De man dy't it wapen hie, is oanhâlden en nei it plysjeburo brocht. Hy is dêr ynsletten foar ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)