Flylân ferliest fan wetterskip

Flylân ferset him net langer tsjin de oanslach 'wettersysteemheffing' dy't it Wetterskip Fryslân de gemeente oplein hat. It jild is bedoeld as kompensaasje foar it ûnderhâld fan de wetterkearingen op it eilân.
Flylân wegere de oanslach te beteljen omdat net it wetterskip, mar Rykswettersteat en de gemeente sels it ûnderhâld dogge. It eilân tekene dêrom beswier oan by it wetterskip, mar dy wiisde dat ôf. No hat ek de rjochter Flylân ûngelyk jûn.