Bussen troch wurk spoarbrêge

15 maaie 2011 - 08:08

Der ride snein opnij gjin treinen, mar bussen tusken Ljouwert en Akkrum. Dat komt omdat der wurke wurdt oan de spoarbrêge oer it Van Harinxmakanaal by Ljouwert. Dy kin dêrtroch ek net betsjinne wurde foar de skipfeart.

De skipfeart kin moandeitemoarn fan fiif oere ôf wer troch de brêge. Treinreizgers binne troch de ynset fan de bussen in kertier oant in heal oere langer ûnderweis. Sneon waard ek al oan de brêge wurke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)