Andries Weening bêste Fries

Hurdfytser Andries Weening fan Woonexpo Kapenga wie sneon mei in sechde plak de bêste Fries yn de A7 Classic. Yn de thúswedstriid yn en om Drachten hinne siet Weening, de broer fan Pieter, de hiele wedstriid yn in kopgroep foaroan.
Ut in kopgroep fan sân renners fytste winner Alex de Lange út Grins nei de winst. Twadde waard Wouter de Groot en tredde Adrie Lindeman. De wedstriid telt mei foar de klupkompetysje.