Winst Drachtster Boys

14 maaie 2011 - 17:10

Drachtster Boys hat it fuotbalseizoen sneon ôfsletten mei in 4-2 oerwinning op ACV út Assen. Troch de oerwinning fan ferline wike wie Drachtster Boys al feilich en spilet it takom jier ek wer haadklassefuotbal.

De doelpunten fan de ploech fan trainer Jan van Raalte waarden makke troch Jan Stoker, Nico de Jong, Jelle Teitsma en Joël Wagenaar. Yn deselde haadklasse wûn ONS Snits mei 5-0 yn en fan Nunspeet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)