Ferlies foar Harkemase Boys

14 maaie 2011 - 16:42

Harkemase Boys koe sneon it thúspublyk yn de wedstriid tsjin Capelle gjin spektakel biede. De lêste wedstriid yn de topklasse fan it seizoen einige yn in 4-0 ferlies foar de ploech fan Wieb Rodenhuis.

Sawol Capelle as Harkemase Boys hiene foardat de wedstriid begûn 41 punten. Omdat Barendrecht en Genemuiden ek wûnen, sakket Harkemase Boys fan in 8e nei in 10e plak yn it einklassemint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)