Douwe Amels hellet EK-limyt

14 maaie 2011 - 15:29
  • Douwe Amels (foto: avimpala.nl)

Heechspringer Douwe Amels fan Drachten hat sneon yn Lisse de limyt helle foar dielname oan it Europeesk kampioenskip atletyk ûnder de 23 yn it Tsjechyske Ostrava. De atleet fan Impala Drachten sprong 2,18 meter. Dat betsjutte boppedat in persoanlik rekôr. Oant de hichte fan 2,18 meter gie it tusken de Fries en de Dútser Riedel ek noch om de deititel. Mar it PR wie genôch foar Douwe Amels om de earste priis te pakken. It EK yn Tsjechië begjint op 14 july.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)