Nije algesoart yn Waadsee

Foto: Omrop Fryslân
Yn de Waadsee is in nije algesoart ûntdutsen dy't gefolgen hawwe kin foar de foedselketen. It mikro-organisme is sa grut dat guon planktonsoarten him net ite kinne. De kommende fiif jier wurdt der mear ûndersyk nei dien.
In spesjaal mjitplatfoarm op it Balchsân by Den Helder sil de algegroei registrearje. Oan 'e hân fan dy sifers kin wat sein wurde oer de groei fan lytse organismen yn relaasje ta it waar en de klimaatferoarings.