Goud foar Epke yn Moskou

14 maaie 2011 - 15:11

Turner Epke Zonderland hat sneon op de wrâldbekerwedstriden yn Moskou op 'e nij sjen litten dat er in wrâldtopper is oan de rekstôk. De Europeesk kampioen helle goud, mei in puntetal fan 16,050. Dêrmei bleau er de Kroaat Moznik en Koeksenkov út Oekraïne foar.

Epke Zonderland helle boppedat in fjirde plak op de brêge mei in puntetal fan 14,975.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)