Te koarte tarieding brânbulten

14 maaie 2011 - 14:16
  • Argyffoto HVNieuws

De organisatoaren fan de peaskefjurren yn de Stellingwerven binne net bliid mei it beslút fan de gemeenten dat de bulten dit wykein baarne moatte. Dat waard freedtemiddei meidield. No moatte de organisatoaren hiel gau tariedings treffe. De klups hiene hope dat se de bulten mei de Pinksterdagen oanstekke koene. De gemeenten wolle dat de bulten no oanstutsen wurde om't it de lêste dagen reind hat en der mooglik wer in lange perioade fan droechte oankomt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)