WK iishockey nei Hearrenfean

Flyersfoarsitter Danny Micola von Fürstenrecht (foto: Martin de Jong)
Hearrenfean is yn 2012 de gasthear fan it WK iishockey ûnder de 18 jier. Dat makke Flyersfoarsitter Danny Micola sneon bekend. It toernoai sil takom jier maart hâlden wurde foar lannen út de twadde divyzje fan it wrâldiishockey. It duorret in wike.
Fral troch it hâlden fan in goede lobby hat Hearrenfean de WK krigen. Earst moast ôfrekkene wurde mei de kandidatuer fan Eindhoven en Tilburch en sneon noch mei oare lannen lykas Kroaasje en Litouwen.