Oerfal op echtpear Bitgummole

14 maaie 2011 - 12:18

In âlder echtpear út Bitgummole hat freedtejûn twa wapene oerfallers derút wurke. Tsjin alve oere jûns bellen dy oan by harren hûs oan de Hammeringen. Ien bewenner waard mei in mes bedrige en fêstgrypt. Yn 'e hûs ûntstie in wrakseling. De bewenner krige dêrby pepperspray yn it gesicht. Syn frou dy't op de fjochterij ôfkaam, krige ek pepperspray yn it gesicht.

Dêrnei naaiden de manlju út sûnder bút. It wiene in blanke en in donkere man fan sa'n 1.80 meter en sa'n 30 jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)