'Sintrum Ljouwert autofrij'

14 maaie 2011 - 11:16

It sintrum fan Ljouwert moat autofrij wurde. Dat fynt foarsitter Corné van de Erve fan de ôfdieling Ljouwert fan hoarekabûn Koninklijke Horeca Nederland. It giet dan benammen om it Gouverneursplein en de Iewâl dêr't in soad terrassen binne. Neffens Van de Erve wurdt dêr no faak fierste hurd riden.

Van de Erve wie freedtejûn ien fan de sprekkers op in paneldiskusje oer feiligens yn Ljouwert. Dy wie organisearre troch fersekerder Achmea.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)