Ljouwert kandidaat BNG-priis

13 maaie 2011 - 20:25

De gemeente Ljouwert hat him kandidaat steld foar de BNG-Erfguodpriis 2011. It is foar de twadde kear dat dizze priis útrikt wurdt. Mei-inoar meitsje 29 gemeenten yn Nederlân kâns op de priis.

De priis is ynsteld om gemeenten te bewegen kultuerhistoarje better te brûken as basis foar lokaal belied. De priis bestiet út in bedrach fan 25 tûzen euro. Dat jild moat bestege wurde oan in doel dat mei kultuerfûns BNG bepaald wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)