Nij talint yn Frysk Museum

Kreative talinten út Fryslân krije in eigen plakje om te eksposearjen yn it Frysk Museum. It is de bedoeling dat keunstners, ûntwerpers, muzikanten en oare kreative minsken út Fryslân harren wurk presintearje yn de tunnel fan it museum.
De romte krijt de namme 'De Straat', en is opset yn gearwurking mei Fryslân Kulturele Haadstêd 2018 en de gemeente Ljouwert. De ynskriuwing foar in plakje yn dizze strjitte is freed úteinset.